• Powered by: Zeedesign

    ZATERDAG 14:00 UUR

    JEUGD OKTOBERFEST WITMARSUM

    Hoi, ik bin Maaike Spijksma en ik bin de foarsitter fan it jeugdoktoberfest. Ik organisearje mei Jessica, Ties, Jennifer en Amarens de sneon te middei fan it oktoberfest. Om 2 oere begjint it, wy ha allegeare leuke aktiviteiten betocht foar alle bern: fan kleuters oant tieners. Foar de kleuters is d’r gesichtskilderje, koeken fersiere en in mooi springkessen! Foar de bern fan 8 oant 15 jier is d’r paintballen en in wipe out sweeper. En foar alle bern is in playbackshow. Opjaan kin troch E-post: jeugdoarsasoars@hotmail.com , fia Instagram: jeugdoktoberfestoarsasoars . Foar al it Nijs kin je ek nei ús Facebook account ta gean: jeugdoktoberfest wytmarsum. Dus ast nocht hast om iets leukst te dwaan, kom dan gesellich nei de sneon te middei op 12 oktober om 2 oere ! Wy hoopje jimme allegeare te sjen!

    Groetnis út namme fan it jongerein bestjoer 2019, Maaike, Jessica, Ties, Amarens en Jennifer